Sirkulêre produksje by Triple E fan De Jouwer

It bedriuw Triple E fan De Jouwer produsearret al sûnt de ein fan de jierren tachtich op sirkulêre wize. Dat betsjut dat der each is foar it miljeu en dat der eins neat fuortsmiten wurdt. It bedriuw makket ûnder oaren tafels en poadiumdielen fan himp en sûnt koart ek wandpanielen fan petflessen.
Oprjochter en direkteur Jippe Tinga is de betinker fan dit konsept. Jierrenlang makke hy doarren fan hurdboard. Mar de produksje dêrfan wie tige fersmoargjend foar it miljeu. Dat sette Tinga oan om in bettere produksjewize te betinken. Ein jierren tachtich smiet hy it roer om. De doarrefabriken waarden ferkocht en Triple E oprjochte.
Tongersdei is der yn Easterwâlde in grut kongres oer sirkulêr ûndernimmen en de sirkulêre ekonomy.