Skiermûntseagers wachtsje gaswinbedriuw op mei spandoek

Bewenners fan Skiermûntseach ha tiisdeitemoarn protestearre tsjin de plannen foar gasboarringen, op 20 kilometer ôfstân fan it eilân. It bedriuw Hansa Hydrocarbons hat dêr ferline wike in grutte gasbel fûn. De direkteur fan it bedriuw wie tiisdei op Skier om oer de boarplannen te praten. Aksjefierders wachten him op mei protestboerden en in spandoek. De eilanners binne benaud foar boaiemdelgong en ierdbevingen, lykas yn Grins.
Neffens de manager fan Hansa wie it petear mei de gemeente konstruktyf. Der komt in ûndersyk nei eventuele boaiemdelgong en it bedriuw wol ek noch yn petear mei de Wurkgroep Horizon Skiermûntseach, dy't tsjin de boarringen is.