Highlights fan it programma fan Kulturele Haadstêd 2018

03 okt 2017 - 18:03

Der wurdt al oan wurke sûnt 2011, en oer trije moannen is it dan lang om let safier: Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 kin los. Nei jûnen fan praten, tarieden, kleien, oparbeidzjen, diskusjearjen en mienskip leit der no in programma foar it folsleine kulturele jier. Omrop Fryslân hat foar dy it programma besjoen, en hellet hjir de alve opfallendste, nuveraardichste of grutste eveneminten út. Alle moannen ien.

Jannewaris
De Iepening (26 en 27 Jannewaris)

In grut ferskaat oan eveneminten en aktiviteiten set fuortendaliks yn de earste moanne fan it jier útein, mar it meast yn it each springende evenemint yn de earste moanne fan Ljouwert-Fryslân 2018, is fansels de iepening. Op freedtejûn steane letterlik de doarren fan de mienskip iepen foar publyk. Sawol musea as partikulieren kinne op dizze wize harren wrâld oan de bûtenwrâld sjen litte, en mei-inoar yn petear reitsje oer Fryslân en de takomst. Op sneon kin yn Ljouwert preaun wurde oan alderhande programma-ûnderdielen dy't letter yn it jier organisearre wurde. It iepeningswykein wurdt ôfsluten mei de opfiering fan it temanûmer 'Seis Oere Thús'. Dit bart op alle pleinen yn Ljouwert tagelyk. En wylst it nûmer spile wurdt, sille yn de folsleine provinsje de tsjerkeklokken liede.

Febrewaris
Holstmeer (10 febrewaris - 15 april)

In teäterstik yn de finzenis, dat is Holstmeer. It is miskien wol de meast bysûndere lokaasje foar in evenemint yn it hiele programma foar Kulturele Haadstêd. It teäterstik is in idee fan sjoernalist Auke Zeldenrust. Hy wol hjirmei sjen litte dat minsken yn de finzenis likegoed in part fan de mienskip binne. Ek de froulju yn it opfanghûs fan Fier Fryslân dogge mei oan it stik. It publyk dat nei Holstmeer ta wol, moat him sammelje yn de Ljouwerter binnenstêd, wêrnei't se mei bussen nei de finzenis brocht wurde. In part fan it publyk giet nei de foarstelling fan de froulju fan Fier, wylst de oare besikers de finzenis besykje. Hjirnei wurdt der ruile. De belutsenen fertelle yn Holstmeer in ferhaal dat foar in part basearre is op harren eigen ûnderfiningen.

Maart
Sjen yn it Tsjuster (16/17 maart, 13/14 april, 7/8 septimber)

Sjen yn it Tsjuster is in nachtlike foarstelling oer de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. It stik fynt plak yn Burchwert, it wenplak fan de yn 2013 ferstoarne dichter. Hettinga wie blyn, en belibbe de wrâld dêrtroch op in oare wize as de measte Friezen. Sjen yn it Tsjuster jout hjir op in bysûndere wize in betsjutting oan. It publyk sil yn it stik op 'aventoer' oan de hân fan Hettinga's gedicht 'It doarp Always Ready'. De reis begjint yn de tsjerke fan Burchwert dêr't de ljochten earst noch oan binne. As de klokken let wurde alle ljochten yn it doarp útdien en binne de besikers oerlevere oan harren oare sintugen en oan inoar. Oan de hân fan it gedicht fan Hettinga sille se dan op reis troch Burchwert hinne.

April
Lost in the Greenhouse (19 april - 20 mei)

In teäterfoarstelling yn de kassen by Seisbierrum, mei de Frysk/Poalske konneksje dy't dêr al jierren libbet as ynspiraasje. Dat is yn it koart de foarstelling 'Lost in the Greenhouse' fan Skouboarch De Lawei, Theater De Koornbeurs en teäterselskip Orkater. Yn it stik wurdt de Poalske Wojtek ien seizoen lang folge. Hy rekket fereale op in Frysk famke, en dat hat grutte gefolgen. Sa soarget dizze prille leafde foar spanningen, gefoelens fan langjen, mar ek fan ûnwennigens.

Maaie
At the Watergate (9 - 11 Maaie)

Snits is yn maaie foar efkes it Europeeske sintrum foar jonge amateur musisy. It European Youth Music Festival wurdt hjir dan hâlden ûnder de namme At the Watergate. Tûzenen muzikanten út hiel Europa sille fan 9 oant en mei 11 maaie optrede yn de Fryske stêd. De iepening is, hoe kin it ek oars, by de Wetterpoarte. De konserten binne sawol binnen- as bûtendoar.

Juny
Ete by de Boer XL (23 juny)

Ierappels, wa is der net grut mei wurden? Dizze oerbekende griente stiet mei Ljouwert Fryslân 2018 it hele jier sintraal op It Bilt. Dit bart ûnder de titel 'Potatoes go Wild'. Ien fan de eveneminten is op 23 juny: 'Ete by de Boer XL'. Besikers kinne dan by de boer út iten, om dêrnei in rûnlieding oer it bedriuw te krijen. De ierappel stiet fansels sintraal op it menu, dat fierder noch ynfolle wurdt mei oare streekprodukten. De gasten kinne fan harren ierappels genietsje wylst se sicht hawwe op it lân dêr't harren iten krekt wei komt. Ek is it de bedoeling dat strjitartysten ûnder it iten de gasten fermeitsje.

July
Fossylfrij Fryslân (1 - 14 july)

It sil yn de earste helte fan july in stik drokker wurde op de fytspaden yn Fryslân. Dat komt nammentlik troch it projekt Fossylfrij Fryslân. Ynwenners fan de provinsje wurde útdage om twa wiken lang te reizgjen sûnder in drip benzine of disel te brûken. Ek wurdt yn dizze moanne de grutste sinneboaterace yn de wrâld organisearre en komt der op 14 july in parade mei futuristyske weinen op de Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten. Dêrnjonken kinne minsken yn dizze perioade meidwaan oan in spesjale 'Griene Tour' yn Ljouwert: besikers wurde mei elektrysk ferfier by in tal útfiningen delriden, om dan te einigjen yn in spesjaal park mei alderhande oare ynnovaasjes op it mêd fan griene enerzjy.

Augustus
Tafisa European Sports for All Games (28 july - 18 augustus)

In soart Olympyske Spelen foar kultuersporten, dat moatte de Tafisa European Sports for All Games wurde. Wat binne kultuersporten? No, bygelyks fierljeppe, pandolo of freerunning. In bysûndere miks fan sporten dy't benammen yn de regio's dêr't se in protte beoefene wurde, in grutte betsjutting hawwe. Yn de wike fan 3 augustus komme sa'n tweintich lannen nei Fryslân om hjir harren kultuersporten sjen te litten. It is de bedoeling dat de teams yn ferskate Fryske doarpen in sliepplak fine. Hjirmei binne se dan ek wer in ûnderdiel fan de Fryske mienskip. En krekt as by de Olympyske Spelen is it motto by de Games: meidwaan is wichtiger as winne.

Septimber
Slachtemaraton (31 augustus/1 septimber)

Ien fan de meast opfallende aktiviteiten fan septimber fynt fuortendaliks op de earste dei fan de moanne plak. Wa't yn Fryslân wennet kin it evenemint al langer: de Slachtemaraton. Yn it koart in tocht oer de âlde seekearing de Slachtedyk, fan Easterbierrum oant Raerd, of oarsom. Dielnimmers oan de tocht kinne de rom 40 kilometer sawol kuierjend as dravend ôflizze. De Slachtamaraton is al sûnt Simmer 2000 in begryp yn Fryslân, en lûkt alle edysjes tûzenen kuierders. De edysje fan 2018 sil lykwols net sa ferrinne as elk dat wend is. De tocht sil dizze kear nammentlik net yn ien, mar yn twa dagen ôflein wurde, en sil kwa lingte twa kear sa lang wêze as oars.

It ferskil yn lingte komt troch in feroaring fan de rûte. De orizjinele Slachtedyk wurdt noch hieltyd as reade tried brûkt, mar dizze kear komme de kuierders en dravers dwers troch de doarpen. Doarpsbewenners út bygelyks Easterein en Wommels hoege dêrtroch net mear nei de Slachtedyk ta om it evenemint mei te krijen, mar krije de dielnimmers letterlik oer de flier. Njonken de rûte wurdt lykas by de oare edysjes alles út de kulturele kast helle om de dielnimmers en it publyk te fermeitsjen. Sa wurde der keunstwurken by de rûte delset en wurde de minsken fermakke mei muzyk, dûns en teäter.

Opfallend detail fan dizze edysje is dat de dielnimmers in sliepplak krije op de rûte. Dit kin op in camping wêze, mar ek by minsken thús. Fiif doarpen binne útkeazen om as festivaldoarpen it ûnderdak te fersoargjen.

Oktober
De Fryske Dûnsdagen (4 - 7 oktober)

In Frysk festival folslein rjochte op dûns, dat binne de Fryske Dûnsdagen. It festival sil in grut ferskaat oan aktiviteiten biede, dy't allegearre te krijen hawwe mei dûns. Sa binne der fansels dûnsfoarstellings, mar kin der ek oer dûns praten wurde yn meetings. Mochten minsken noch net dûnsje kinne, dan wurde der ek noch workshops oanbean. Oan de ein fan dizze fjouwer dagen is der in grut dûnsfeest, wêrby't minsken fan alle leeftiden, eftergrûnen en nivo's útnûge wurde om mei te dûnsjen. De foyer fan skouboarch De Harmonie moat ien grutte balseal wurde.

Novimber
ReOpening (noch net bekend)

It grutste mystearje yn it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018 is de alderlêste aktiviteit: de ReOpening. Yn it programmaboekje stiet gjin datum, en ek gjin spesifike lokaasje. Neffens de webside fan LF2018 is it in ferrassing wat der barre sil yn novimber, mar se kinne al wol ferklappe dat it in grut spektakel wêze sil. In feestlike ôfsluting fan in bysûnder jier, en de iepening fan in Nij Fryslân. Wy binne benijd....
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)