Oftraap Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstâd

03 okt 2017 - 07:34

Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 sil tiisdeitemiddei in presintaasje jaan. Mei noch 100 dagen foar de offisjele iepening wurdt yn de Fryske haadstêd sjoen nei wat de takomst bringe sil. Fan withoefolle eveneminten dy't de kulturele aginda fan Ljouwert en Fryslân kleur jaan moatte, sil op it Gouverneursplein wat te sjen wêze. Fan Escher oant Mata Hari, fan Royal de Luxe oant De Stormruiter en fan Sense of Place oant Farm of the World.

De hiele presintaasje is tiisdei fan 17.00 oere ôf te folgjen op Omrop Fryslân telefyzje, radio en ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)