Frijwilligers helpe Ljouwerters mei skulden
De gemeente Ljouwert begjint mei in proef mei skuldprevinsje. Sawat 150 húshâldens mei jildsoargen wurde keppele oan frijwilligers, dy't helpe om in goed oersjoch te krijen fan harren finansjele situaasje. Dat moat derta liede dat minsken minder gau yn de finansjele problemen komme. De plannen wurde tiisdei offisjeel presintearre.