Fee fertutearze: 5000 euro boete ûnder betingst

© Omrop Fryslân
In âld-feehâlder út Sonnegea hat in boete fan 5000 euro ûnder betingst krigen, omdat er syn fee bot fertutearze hie. Troch allegearre tsjinslach kaam de man der net oan ta om goed foar syn fee te soargjen. Sa hie er de soarch foar syn frou, dy't harsels net mear rêde kin nei in ûngelok. En it slagge him mar net om help te krijen foar it fee.
De man hat syn bedriuw yntusken oan de kant dien. De rjochter hat by de straf rekken hâlden mei de persoanlike situaasje fan de Sonnegeaster. Dy hat wol in proeftiid fan in jier krigen.