Fly-Past earet delstoarte Lancaster by De Alde Feanen

© Omrop Fryslâ, Alle Faber
In Lancasterbommewerper en in Spitfire jachtfleantúch út de Twadde Wrâldoarloch hâlde tiisdei mei F-16's in Fly-Past boppe De Alde Feannen by Earnewâld. De seremoanje is bedoeld ta neitins oan de trije ferstoarne of fermiste bemanningsleden fan de Lancaster dy't dêr yn de oarloch delstoarte. Op it stuit wurdt wurke oan it bergjen fan it fleantúch.
Foarôfgeand oan de Fly-Past krije skoalbern út de buert in rûnlieding op it plak dêr't de fleanmasine leit.