"Mondriaankwelder op Skylge sil rêst fan fûgels fersteure"

Kwelders op Skylge © Rykswettersteat
De Mondriaankwelder dy't oan de Waadkust fan Skylge oanlein wurdt, sil de rêst foar fûgels fersteure. De Fûgelwacht en de Natuerferiening fan Skylge binne benaud dat der in protte toeristen op ôfkomme sille, en dan dus gjin fûgels mear. Arie Doeksen fan de Vogelwacht Terschelling en Piet Zumkehr fan de Natuurvereniging Terschelling seine dat sneintemoarn yn it radioprogramma Vroege Vogels.
Mondriaan
De Mondriaankwelder wurdt oanlein mei as doel kwelderwerstel, dus it stimulearjen fan natuerûntwikkeling. Tagelyk is it in keunstwurk fan 88 peallen, dat troch de foarm ynspirearre is op it skilderij 'Pier en Oceaan' fan Piet Mondriaan. It heart by it projekt Sense of Place fan Kulturele Haadstêd. De fûgelminsken tinke dat de peallen de tagong ta de kwelder foar de fûgels behinderet.
Romte en beskerming
Joop Mulder, inisjatyfnimmer fan Sense of Place, seit dat it júst nét ten koste giet fan de fûgels. De kwelder wurdt oanlein as natoerwerstelplan, om waadfûgels romte en beskerming te jaan by heechwetter. Tagelyk tinkt Mulder dat it mei kloften toeristen wol tafalle sil. De minsken sille op de dyk fytse en rine en dêrwei nei de kwelder sjen kinne.