LDODK bliuwt koprinner yn eareklasse A

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan LDODK ha sneontejûn thús wûn fan KCC. Yn de wedstriid yn de eareklasse A waard it 26-20.
Reade kaart
Yn de earste helte wie LDODK al dúdlik de bettere ploech. Al fluch rûnen se út nei 6-3. Even letter wie dat al 13-7. Noch foar it skoft waard Gertjan Meerkerk fan KCC út it fjild stjoerd. Hy krige twa kear in giele kaart foar kommentaar op de skiedsrjochter. It skoareboerd yn it skoft stie úteinlik op 17-8.
Koprinner
Krekt nei it skoft like it derop dat KCC werom kaam yn de wedstriid. De ploech út Capelle aan den IJssel brocht de stân op 19-12, mar tichteby kamen se net echt. LDODK hie kontrôle en spile rêstich nei de ein fan de wedstriid ta. Mei de oerwinning bliuwt LDODK koprinner yn de eareklasse A. De Gordyksters ha noch gjin wedstriid ferlern.
SCO koprinner yn haadklasse
Yn de haadklasse wie der winst foar SCO. Op besite by Groen Geel yn Wormer waard it 22-21 foar de ploech út Aldeholtpea. SCO hat oant no ta alle wedstriden wûn dit seizoen. Se stean dan ek op it earste plak yn de haadklasse.