Goed 450 bestjoerders beboete by ferkearskontrôles

© ANP XTRA
By ferkearskontrôles op de A7, A6, A32 en de A28 hat de plysje ôfrûne wike 459 boeten útskreaun yn it Noarden. Derûnder binne 355 bekeuringen foar bestjoerders fan auto's en frachtweinen dy't mei de mobile telefoan yn de hân efter it stjoer sieten. Dêrneist waarden boeten útdield foar te hurd riden, it negearjen fan it ynhelferbod foar frachtweinen en it rjochts ynheljen.
Twa hurdriders moasten harren rydbewiis ynleverje en der is in auto yn beslach naam fan in bestjoerder dy't sûnder rydbewiis en fersekering ried. Ek is der in man oanhâlden dy't noch 45 dagen de sel yn moast. Opmerklik is dat de plysje by de kontrôles in camper ynsette. Fan dêrút waarden oare plysje-auto's oanstjoerd.