FIDEO: Projekt mei sinnepanielen op boeredakken úteinset

Yn Aldetrine is freed in buorkerijdak mei sinnepanielen oplevere. De oplevering is de earste fan in grut dakferhierprojekt dat opset is troch suvelbedriuw FrieslandCampina en it sinnepanielebedriuw GroenLeven. Sa'n 300 boeren dogge der foarearst oan mei. FrieslandCampina hat mar leafst 200 miljoen euro oan subsydzje foar it plan krigen fan it ministearje fan Ekonomyske Saken.
Yn totaal wurde der wol sa'n 400.000 sinnepanielen pleatst op de dakken fan boerebedriuwen. FrieslandCampina wol sa gau as mooglik allinne mar elektrisiteit brûke fan de griene stroom fan de boeren.