Douwe de Vries en Janneke Ensing winne earste massastart

De earste massastart fan it reedrydseizoen is tongersdeitejûn yn de Ljouwerter Elfstedenhal wûn troch Douwe de Vries. Yn de finale waard de sprint oanlutsen troch Sven Kramer, mar it wie syn teamgenoat Douwe de Vries dy't wûn. Tredde waard Robert Post.
By de froulju wie de winst foar Janneke Ensing, twadde waard Elena Moller Rigas en Bianca Bakker wie tredde.