Wurkstraf foar Oerterpster dy't broer bedrige mei moker

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 41-jierrige man út Oerterp hat 80 oeren wurkstraf krigen plus 60 oeren ûnder betingst. De man stie foar de rjochter foar meardere saken. Hy hie ûnder oare in rút fan it plysjeburo yn Drachten yngoaid en syn broer bedrige mei in moker.
De rjochter hat konstatearre dat de man syn libben alwer better op de rit hat as fan 't simmer doe't de ynsidinten plakfûnen.