Fermiste partner fan ombrochte frou fûn yn sleat Frjentsjer

It lichem dat tongersdeitemoarn yn in sleat yn Frjentsjer fûn is, is fan de 30-jierrige partner fan de frou dy't twa wike lyn omkaam yn in hús yn Frjentsjer. De 31-jierrige frou kaam troch in misdriuw om it libben. Neidat de frou fûn wie, hat de plysje socht om de man, ûnder oare yn it Frjentsjerter bosk en yn de maisfjilden krekt bûten Frjentsjer. Dy sykaksjes hiene gjin resultaat.
In foarbygonger ûntduts it lichem tongersdeitemoarn yn in sleat flakby de Edisonstrjitte en warskôge de plysje. It is noch net bekend wat de deadsoarsaak is fan de 30-jierrige man. It ûndersyk giet noch hieltyd troch.