D66: Ljouwert moat mear húsdokters oanlûke

Húsdokter © ANP XTRA
D66 yn Ljouwert wol dat de gemeente mear docht om nije húsdokters oan te lûken. De partij seit dat se geregeld te hearren krije dat Ljouwerters hast net in nije húsdokter krije kinne. Ek húsdokters sels sizze dat se gjin nije pasjinten oannimme kinne. D66 wol no fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte oft der yndie sprake is fan in tekoart, en wat dêr oan dien wurde sil.