Juwelier yn Ljouwert oerfallen, fertochte oanhâlden

In juwelier oan de Nijstêd yn Ljouwert is tongersdeitemiddei oerfallen. It soe gean om Trends Jewels & Watches. De dieder is nei in koarte achterfolging troch omstanners oanhâlden. Dat barde in eintsje fierderop, by de Alde Doelesteech. Oft de dieder guod meinaam hat, is net bekend. De plysje docht noch ûndersyk nei it foarfal.