"Gemeente moat útsetting asylsikers AZC Burgum tsjingean"

Iepeningshanneling fan it 'feilige nêst' yn it azc fan Burgum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De gemeente Tytsjerksteradiel soe net meiwurkje moatte oan de útsetting fan bewenners fan it AZC yn Burgum nei ûnfeilige lannen. Dat fynt GrienLinks yn dy gemeente. Net allinnich soe de gemeente net meiwurkje moatte, mar ek de útsetting sels aktyf tsjingean moatte. Sa sei fraksjefoarsitter Brigitta Scheepsma woansdei op in spesjale jûn oer it deistige libben yn AZC's. Dizze jûn wie opset troch de fraksjes fan GrienLinks, D66, ChristenUnie en PvdA, om mear omtinken te freegjen foar de posysje fan bern. Neffens de politisy libje de bern yn in konstante eangst foar útsetting en dat smyt in soad stress op foar de bern.