Gemeente Harns wol dúdlikens oer takomst MCL

It sikehûs MCL yn Harns © Google Streetview
PvdA-wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Harns is net bliid mei it gebrek oan iepenheid fan sikehûs MCL oer eventuele sluting fan ôfdielingen yn MCL Harns. Op fragen fan de gemeenteried oer geroften dat de polyklinyk radiology en mammografy slute sille, antwurde de wethâlder dat hy in petear hân hat mei de lokaasjemanager fan Harns.
It MCL wol yn gearwurking mei oare sikehuzen in sintraal mammografysintrum oprjochtsje foar froulju mei boarstkanker. Neffens Kuiken wurdt der dêrom net mear ynvestearre yn de ôfdieling yn Harns. De radiology-ôfdieling soe wol bestean bliuwe.
Kuiken hat tsjin it MCL sein dat hy mear transparânsje wol oer de takomstfisy op it sikehûs yn Harns. Earder waard de spesjalistyske refalidaasje-ôfdieling yn Harns al sletten sûnder dat it gemeentebestjoer der fan op 'e hichte brocht wie. It MCL hie doe tasein earder te kommunisearjen oer eventuele feroaringen. Dat is no wer net bard, ta argewaasje fan de wethâlder.