"Provinsjehûs moat yn 2018 keunst tentoanstelle"

27 sep 2017 - 21:23

It provinsjehûs moat yn 2018 in soart fan museum wurde. Dat fynt de steatefraksje fan it CDA. Dy partij hat in iepen-gebouwerûte foar eagen, dêr't it provinsjehûs ûnderdiel fan wurde moat. En om dat oantreklik te meitsjen foar toeristen, wol de partij keunst sjen litte út de kolleksje fan de provinsje. Dy biedt genôch kwaliteit foar in permaninte tentoanstelling, fynt steatelid Fenny Reitsma. Yn 2018 is Ljouwert Kulturele Haadstêd en der wurde mear as in miljoen besikers ferwachte. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)