Tjalling Koopmans College wol nijbou yn Hurdegaryp

28 sep 2017 - 06:26

It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp sil ferhúzje. De skoalle hat in stik grûn oankocht oan de Reidroas, tichter by it stasjon. Dêr moat in nagelnij skoalgebou komme. De middelbere skoalle gie yn augustus 2013 fan start yn Hurdegaryp. Fan begjin ôf oan wie al dúdlik dat it gebou dêr't de skoalle no sit, oan de Easter Omwei, mar tydlik brûkt wurde koe.

It bestimmingsplan fan de gemeente Tytsjerksteradiel lit ûnderwiis lykwols net ta op it stik lân dat de skoalle oankocht hat. Skoallieder Suzan Polet fan it Tjalling Koopmans College seit der fertrouwen yn te hawwen dat de gemeente it bestimmingsplan wizigje sil. De skoalle woe net wachtsje mei it keapjen fan de grûn foar it nije skoalgebou, omdat der ek belangstelling fan oaren wêze soe. "Bougrûn yn Hurdegaryp is oantreklik, omdat it doarp mei de oanlis fan de Sintrale As in stik better berikber wurden is", seit Polet.

As alles neffens plan ferrint, moat it nije gebou yn it skoaljier 2019/2020 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)