Opnij fragen oer brân Wurdumerdyk yn Ljouwert

© Kappers Media
De ChristenUnie en de PvdA stelle skriftlike fragen nei oanlieding fan de útslaande brân yn de binnenstêd fan Ljouwert, moandeitemiddei. Dy brân wie oan de Wurdumerdyk, yn in gebou dêr't ek prostituees slepten. De partij wol no witte oft der foldwaande kontrôles west hawwe op de brânfeiligens. Op grûn fan in moasje fan fjouwer jier lyn meie prostituees net langer sliepe op itselde plak as dêr't se wurkje. ChristenUnie en PvdA wolle ek witte oft de prostituees har dêr yn dit gefal wol oan hâlden hawwe.
By de brân wie it moandei lange tiid ûndúdlik oft der minsken yn it gebou wiene, mar dat wie úteinlik net it gefal. Earder kaam ek de VVD yn Ljouwert al mei fragen. De fraksje neamde it ûnbegryplik dat it moandei net dúdlik wie hoefolle minsken der wennen. De organisaasje Ridders fan de Weaze seit dat der tsientallen prostituees wenje, sûnder dat sy ynskreaun stean. Dizze organisaasje set him yn foar it wolwêzen fan de prostituees.