Eksperts jouwe les yn ûntdekken himpkwekerijen

Yn Dokkum krigen meiwurkers fan de DDFK-gemeenten en wenningkorporaasjes woansdei training hoe't se eventuele himpkwekerijen ûntdekke kinne. Yn in spesjale himpkontener soargen eksperts fan Liander en it himpteam fan de plysje foar tekst en útlis. Elk jier soargje himpkwekerijen lanlik foar ûngefear 80 grutte wenningbrannen en yllegaal stroomferbrûk kostet netbehearder Liander hast 20 miljoen. Gearwurking mei de boarger moat de pak-kâns foar himpkwekers fergrutsje en de feilichheid ferheegje.
De gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân wolle de bestriding fan himpkwekerijen oanskerpje. Dat dogge se mei de plysje, mar ek mei enerzjybedriuw Liander en wenningkorporaasjes út de regio. Mei in publykskampanje wurde ynwenners frege foaral te melden as se tinke dat der himpkwekerijen yn de buert wêze kinne.