Ekstra jild beskikber foar winsken omwenners De Skieding

Ferkear op De Skieding (N358) © Provinsje Fryslân
De provinsje stelt ekstra jild beskikber foar de oanpassing fan de dyk De Skieding, de N358. It ekstra jild kin brûkt wurde foar it ynfoljen fan de winsken fan bewenners, bygelyks oft se al of net in oansluting ha wolle op de nije dyk. De kommende tiid wurdt besjoen wat de winsken fan de omwenners krekt binne. Pas dêrnei kin de provinsje in bedrach fêststelle.
De Skieding rint fan Surhústerfean nei de A7 en moat breder makke wurde. Op de dyk wurdt hurd riden en omwenners ha it dêrtroch dreech om fuort te kommen mei de auto. De provinsje wol no sjen wêr't op- en ôfritten kombinearre wurde kinne. Mei it ekstra jild wurdt temjitte kommen oan in winsk fan omwenners. Dy wolle perfoarst gjin paralleldyk.
Foar de dyk is al in basisbedrach fan 5,7 miljoen euro beskikber. Dat wurdt brûkt foar it breder meitsjen, de oanlis fan ovondes en de oanpak fan gefaarlike bochten. Earder waard ek sprutsen oer in bedrach fan 2,4 miljoen euro ekstra foar oanfoljende maatregels, mar dat is ynlutsen omdat de provinsje de winsken fan de omwenners meinimme wol yn het projekt. It bedrach kin dêrtroch heger of leger útfalle, sa seit provinsje Fryslân.
Begjin 2019 moat it wurk oan de dyk begjinne.