Gertjan Verbeek koe trainer wurde yn Iran: "Te avontuurlijk"

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek sit noch sûnder klup, sûnt syn ûntslach by VfL Bochum yn july. Dat hie wol oars kinnen. Verbeek hat meardere oanbiedingen krigen, ûnder oare út Iran. Mar, dat seach hy net sitten. "Ik sta niet te springen om naar Iran te gaan. Dat is iets te ver van mijn bed", fertelt Verbeek, dy't dêrby de thússituaasje net út it each ferliest. "Ik heb me er wel een beetje in verdiept, het lijkt een mooi land. Maar mijn vriendin mag het stadion niet in en ze hebben daar nog de doodstraf. Dat is me net iets te avontuurlijk, in mijn situatie met vrouw en kind."
Boppedat tinkt Verbeek ek goed nei oer de mooglikheden dy't er krijt. Hy doart ek 'nee' te sizzen, sa seit er. "Er is nog niets voorbij gekomen wat ik een leuk avontuur of een leuke uitdaging vind."
Freed yn Fryslân Hjoed in reportaazje oer Gertjan Verbeek.