Fakbûn set fraachtekens by gearfoeging soarchfersekerders

27 sep 2017 - 11:28

It fakbûn FNV set grutte fraachtekens by de gearfoeging fan soarchfersekerders De Friesland en Zilveren Kruis troch memmebedriuw Achmea. Dat nijs is tiisdeitemiddei bekend makke. It beslút ta de fúzje is neffens it fakbûn allinnich basearre op koste-oerwagings. Der is troch it beslút in soad ûnrêst ûnder de meiwurkers ûntstien. Boppedat is de ûndernimmingsried neat frege en binne de fakbûnen pas op it lêste momint telefoanysk ynformearre. ''Dat getuigt niet van sociaal werkgeverschap'', seit it fakbûn.

Soarchbelang Fryslân hopet dat de gearfoeging fan soarchfersekerders De Friesland en Zilveren Kruis gjin negative gefolgen hawwe sil foar de kwaliteit fan de soarch yn Fryslân. Soarchbelang seit dat De Friesland in partij is mei each foar de belangen fan Fryske pasjinten. Berikberheid, sprieding fan soarch en âldereinsoarch binne belangrike tema's yn ús provinsje. Soarchbelang wurke gear mei De Friesland om it soarchoanbod fierder te ferbetterjen en hopet dat ''in stikje fan dy Fryske kultuer'' opnaam wurdt yn it nije bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)