Drama yn Ketlik: dit is oant no ta bekend

Yn 'e rin fan tiisdeitemiddei komt der stadichoan mear ynformaasje oer de lichems yn Ketlik binnen. Plysjewurdfierder Ron Reinds fertelt yn ús radio-útstjoering dat de slachtoffers it hûs mei in oare famylje diele. Dy minsken hawwe de lichems ek fûn by de saneamde Moskoupleats, dêr't ek in kursusromte yn fêstige is. Net folle letter wurdt dúdlik dat de plysje útgiet fan in misdriuw. Noch hieltyd wurdt der yn de omjouwing fan Ketlik socht nei de mooglike dieder of dieders.
Oan it begjin fan de jûn komt de plysje mei in berjocht: der is in 14-jierrige jonge oanhâlden foar mooglike belutsenheid by de dea fan it twatal. Dat net allinne, it giet om de soan fan twa âlders. Oer de identiteit fan de twa deaden wol de plysje noch hieltyd neat kwyt.
''Vreselijke gebeurtenis''
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean reagearret ferslein op it nijs fan it drama yn Ketlik. ''Het is een verschrikkelijk familiedrama'', fertelt er. ''De veertienjarige zoon van het tweetal is aangehouden op verdenking van mogelijke betrokkenheid bij de dood van zijn ouders. Voor zover wij weten is hij niet bekend bij de hulpverleningsinstanties.'' Woansdei wurdt de 14-jierrige soan, dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by it misdriuw, fierder heard troch de plysje.
By it Terra College yn Wolvegea, dêr't de jonge op skoalle sit, is woansdeitemoarn yn alle klassen stilstien by it barren. Ek dûmny Corry Nicolay, dy't it pear yn 2000 kennen learde, reagearre woansdei op it nijs fan it drama yn Ketlik.