Eaststellingwerf betellet yn 2019 ôffal per kilo

Grize kontainers © ANP
Ynwenners fan Eaststellingwerf betelje mei yngong fan 2019 per kilo ôffal yn de grize kontener. Dat de gemeenteried tiisdeitejûn mei 11 stimmen foar en 10 tsjin besletten.
De tsjinstimmers ferwachtsje dat in kilopriis net liede sil ta minder ôffal en fiele harren dêrby stipe troch in rapport fan it Centraal Planburo. Dat stelt dat it beteljen per kilo it ôffalprobleem earder grutter makket, omdat minsken dan mear yn de griene kontener smite.
De foarstimmers hawwe wol fertrouwen yn de ynwenners en ferwachtsje dat dy it ôffal netsjes skieden bliuwe sille. De wethâlder hat tasein dat se goed yn de gaten hâlde sille oft der no ek mear ôffal bûten de konteners bedarret. As it noadich is sil de spesjale opspoaringsamtner mear ynsetten wurde.