Elma de Vries útroppen ta maratonrydster fan it jier

26 sep 2017 - 20:30

Reedrydster Elma de Vries is tiisdeitejûn troch reedrydbûn KNSB útroppen ta maratonrydster fan it jier. Se waard op Thialf oan de ein fan de training huldige.

Se wûn it ôfrûne seizoen de KPN-cup, in klassemint oer 13 wedstriden. By de alternative alvestêdetocht op de Weissensee glipte de oerwinning har troch de fingers, doe't se krekt foar de finish ûnderút gie.

Trefwurden: 
Elma de Vries KNSB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)