Fryske edysje fan de Matthäus Passion

27 sep 2017 - 06:45

De Matthäus Passion wurdt takom maitiid yn it Frysk songen en foar it jongeskoar wurde noch sangers socht. It koar sil foarme wurde troch jonges fan de basisskoalle. De útfierings binne in insjatyf fan it Noord Nederlands Orkest yn it ramt fan Kulturele Haadstêd.

De ferneamde Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach sil yn maart takom jier fiif kear yn it Frysk útfierd wurde. Op fjouwer plakken sil der oefene wurde en foardat de konserten begjinne, komme se allegear by elkoar yn Ljouwert om ien grut koar te foarmjen. It koar sil dirigearre wurde troch Trevor Mooijman. De oersetting is makke troch Peter Sijbenga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)