Rûte yntocht Sinteklaas yn Dokkum bekendmakke

De lanlike yntocht fan Sinteklaas fynt dit jier yn Dokkum plak © ANP
De lanlike yntocht fan Sinteklaas is dit jier yn Dokkum en tiisdei is de rûte bekendmakke. De stoomboat komt om 12 oere fanút Ljouwert oan by De Dyk. Dêr giet Sinteklaas oan wâl en giet dan fia de Vleesmarkt nei de Hanspoort om dêrnei fia de Legeweg, Naustrjitte en Keningstrjitte op de Markt oan te kommen. Dêr stiet in grut poadium.
Dokkum ferwachtet sa'n 25 tûzen besikers yn de stêd. De lanlike yntocht wurdt oer it generaal troch twa miljoen minsken op telefyzje besjoen.