Undersyk nei slachtoffers Ketlik rint noch altiten

De plysje is noch altiten drok dwaande mei it ûndersyk nei de dea fan twa minsken yn Ketlik. De stoflike omskotten fan de man en de frou waarden fannemoarn fûn in har hûs oan de Schoterlandsewei. Se dielden dat hûs mei in oar gesin, en dy minsken ha de slachtoffers fûn, fertelt plysjewurdfierder Ron Reinds. It oare gesin en de minsken dy't de man en frou fûn ha, wurde net as fertochten sjoen. Nei de dieder of dieders wurdt noch socht. It hús is ûnderdiel fan de pleats, dêr't ek in kursusromte yn fêstige is.
In spesjale plysje-ienheid mei kûgelwarrende festen en hûnen wiene moarns in skoft yn aksje, omdat de dieder of dieders mooglik noch yn de omjouwing wiene, mar der is nimmen fûn of oanhâlden.