50PLUS docht mei oan Ljouwerter gemeenteriedsferkiezings

50Plus
Aldereinpartij 50PLUS docht yn novimber foar it earst mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert. De partij hat dizze wike de kandidatelist fêststeld, dêrop stean yn totaal fiif politisy. Listlûker fan de âldereinpartij yn Ljouwert wurdt Martin van Mourik, earder wurksum as finansjeel spesjalist.
50PLUS helle by de ôfrûne Twadde Keamerferkiezings fjouwer setels. Yn de Ljouwerter gemeenteried wol de partij him ûnder mear sterk meitsje foar wurkgelegenheid, feiligens yn doarp en stêd en bettere soarch.