Rolstoelbrûkers kinne trein nei Ljouwert net yn

© Omrop Fryslân
ProRail en NS hoopje it treinperron fan Zwolle rjochting Ljouwert gau wer tagonklik te meitsjen foar rolstoelbrûkers. Op dit stuit kinne minsken yn in rolstoel net yn Zwolle opstappe of oerstappe op de trein nei Ljouwert. It perron rint skean ôf en dêrtroch kinne rolstuollen net yn of út de trein komme.
De PvdA-steatefraksje yn Oerisel fynt it hiel nuver dat de situaasje no al moannen duorret en fynt dat der gau wat barre moat. In wurdfierder fan ProRail lit witte dat in ferbouwing oan it perron op in knooppunt lykas Zwolle in grutte yngreep is en dêrom goed pland wurde moat. Der wurde dêrom no tydlike maatregels naam. Dat betsjut lykwols wol dat rolstoelbrûkers omreizgje moatte en mear tiid kwyt binne mei reizgjen.