"Hegere priis foar lânbouprodukten ferminderet lânskipspine"

Konsuminten moatte ree wêze om mear te beteljen foar lânbouprodukten. Allinnich dan kin der wat dien wurde oan saken lykas lânskipspine. Dat sei FNP-riedslid Jelle Gerbrandy fan Súdwest-Fryslân moandei yn it polityk programma It Polytburo fan Omrop Fryslân. Biologysk buorkje is djoerder. Mear biodiversiteit betsjut hegere kosten, mar as de klant dy reële kosten betellet, binne de measte boeren wol ree om de oerstap te meitsjen, ferwachtet Gerbrandy.
De FNP is foarstanner fan it opnij ynfieren fan it Ministearje fan Lânbou. Dat docht rjocht oan it belang fan de sektor, seit Gerbrandy.