FIDEO: "Goede kânsen foar SC Hearrenfean tsjin Ajax"

'Mister Hearrenfean' Maarten de Jong sjocht goede kânsen foar de wedstriiid fan SC Hearrenfean tsjin Ajax fan takom snein. Ofrûne wykein wûn Hearrenfean yn in histoaryske wedstriid fan Willem II. De Feansters stean no op plak 2 yn de earedifyzje, 1 punt achter koprinner PSV. Ajax, Feyenoord en PSV wiene altyd topklups, mar der sit no net folle ferskil mear yn, sa seit De Jong. Se binne tichter byinoar kaam. "Ast sjochst nei de stân en nei it fuotbal dat se oant no ta fertoand litten hawwe, kin SC Hearrenfean fier komme."