Omropradio-argyf helpt kompjûter by it Frysk ferstean

25 sep 2017 - 17:12

De kompjûter kin oer in skoft Frysk ferstean. Dat seit Jelske Dijkstra, ûndersiker by de Fryske Akademy yn Ljouwert. Se docht ûndersyk nei spraaktechnology en dêrfoar brûkt se ûnder oare it argyf fan Omrop Fryslân radio.

"We binne it programma oan it trainen mei lûdsfragminten fan it radio-argyf fan Omrop Fryslân sadat it programma de klanken fan it Frysk leart en ek it ferskaat oan farianten lykas it Biltsk. Der is in corpus fan 18,5 oeren radio-útstjoering hânmjittich op de Fryske Akademy útskreaun. Ek binne der tekstbestannen yn it programma sadat de kompjûter ek saken as sinsopbou leart."

Lytse taal

Kompjûters kinne al langer Ingelsk en Nederlânsk ferstean. "Foar it Frysk hast in soad teksten en lûdsbestannen nedich en it Frysk is in lytse taal. Mar it Frysk moat ek mei yn de digitale wrâld."

Nei de ûntsluting fan it radio-argyf kin it programma trochûntwikkele wurde. "Dêr sit wol in útdaging yn, want de kompjûter moat Frysk en Nederlânsk ferstean kinne, want beide talen wurde yn útstjoeringen op de radio brûkt."

It ûndersyk is in gearwurking fan de Fryske Akademy, Omrop Fryslân, Tresoar, Radboud Universiteit yn Nijmegen en in taaltechnologybedriuw yn Amsterdam.

De app Stimmen fan Fryslân bringt it taalferskaat yn Fryslân yn kaart en dat is dus ek fan belang foar de spraakwerkenner. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)