FIDEO: Fryslân sintraal op resepsje yn Brussel

Fryslân stiet sintraal op de 'Fryslân resepsje' yn Brussel moandei. It hiele kolleezje fan de provinsje is der by. It giet oer sirkulêre ekonomy en de posysje fan Fryslân yn Europa. Sprekkers op de byienkomst binne de nije Nederlânske ambassadeur Ronald van Roeden, Europarlemintariër Jan Huitema en Houkje Rijpstra yn har nije funksje as direkteur fan Sirkulêr Fryslân.
De Steaten woenen in 'eigen Fryske presintaasje' yn Brussel njonken de presintaasje fan SNN op 10 oktober. Dy moasje wurdt no útfierd. Besjoch ek ús Europablog foar mear ynformaasje.