Fryske grinsrjochters dizze wike yn aksje yn Europa
Trije Fryske grinsrjochters komme dizze wike yn aksje yn de Champions League en de Europa League. Erwin Zeinstra fan Dronryp stiet tiisdeitejûn oan de sydline by de wedstriid tusken Borussia Dortmund en Real Madrid. Op tongersdei is Hessel Steegstra fan Stiens yn Albanië de fjirde official by it Europa Leagueduel tusken FK Skënderbeu en Young Boys út Switserlân. Jan de Vries fan Gytsjerk is grinsrjochter by 1.FC Köln tsjin it Servyske FK Crvena Zvezda, in wedstriid dy't ek op tongersdei spile wurdt yn de Europa League.