Skuorkalinder hâldt minsken op 'e hichte fan KH2018

© Omrop Fryslân
Minsken dy't gjin dei misse wolle fan Kulturele Haadstêd 2018 kinne ynkoarten in spesjale skuorkalinder keapje. Op de kalinder wurde sa'n fyftich projekten en hûnderten kulturele inisjativen oankundige foar takom jier. Boppedat is der alle dagen in nijsgjirrichheidsje oer Fryslân en de wrâld.
De skuorkalinder is betocht troch sjoernalist Gerbrich van der Meer en fierder útwurke yn gearwurking mei Tresoar. De kalinder wurdt útbrocht troch útjouwerij Bornmeer en kostet 15 euro. Fanôf de twadde wike fan oktober is er te keap by Bornmeer, Tresoar en de Fryske boekwinkels.