UNIS Flyers grypt opnij neist Ron Bertelingskaal

24 sep 2017 - 22:02

UNIS Flyers hat opnij misgrepen by de striid om de Ron Bertelingskaal. De Feanster iishockeyers ferlearen sneintejûn yn Geleen nei penaltys fan de Laco Eaters. Nei de reguliere tiid wie it 3-3, nei de perioadestannen 2-0, 0-2 en 1-1. It ferlies is soer foar de Flyers, dy't nettsjinsteande ferskate kearen de Ron Bertelingskaal noch nea wûnen.

De ploech fan trainer Mike Nason hie in drege start en kaam nei 17 minuten op efterstân. Krzak skeat raak fan de blauwe line en efkes letter makke Geysbreghs de 2-0. Yn de twadde perioade lutsen Adam Bezak en Marco Postma de stân wer gelyk foar de Flyers: 2-2. De Laco Eaters kamen yn de tredde perioade wer op foarsprong troch in goal fan Willems. De wedstriid like spile, mar Yan Turcotte makke mei noch 13 sekonden op de klok de lykmakker: 3-3. Der waard dêrnei yn de ekstra tiid net mear skoard, sadat penaltys de beslissing bringe moasten. De Laco Eaters namen dy better: 3-2.

De Ron Bertelingskaal is de wedstriid tusken de nasjonaal kampioen en de bekerwinner. Om't de Flyers beide titels foarich seizoen pakten, mocht de ferliezend bekerfinalist, de Laco Eaters út Geleen, meistride om de earste priis fan it seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)