Basketballers Aris ûnderút yn oefenpot tsjin Leiden

24 sep 2017 - 17:43

De basketballers fan Aris ha sneintemiddei de oefenwedstriid tsjin Leiden ferlern. Yn sporthal it Kealledykje yn Ljouwert waard it 67-59 foar Leiden. Aris begûn min, en seach nei it earste kwart tsjin in 21-11 efterstân oan. Yn it twadde kwart kamen de Ljouwerters sterk werom, sadat mei in 34-32 foarsprong rêste waard. Dy foarsprong wist Aris yn it tredde kwart fêst te hâlden: 52-42. Yn it fjirde kwart makke Leiden in sterke come-back, sadat de besikers mei 67-59 de winst pakten.

Aris oefenet yn tarieding op it nije basketbalseizoen, dat yn oktober begjint. Oant no ta waarden alle oefenwedstriden ferlern. 

Trefwurden: 
basketbal Aris Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)