Kuorballers LDODK pakke kopposysje nei winst op Blau Wyt

24 sep 2017 - 16:16

De kuorballers fan LDODK fan De Gordyk ha de kopposysje pakt yn de eareklasse A. Se wûnen sneintemiddei mei 22-20 fan Blau Wyt Amsterdam.

LDODK sloech yn de iepeningsfaze direkt in lyts gatsje fan 2-0, mar Blau Wyt kaam dêrnei rap likense hichte, wêrnei't de wedstriid lyk op gie. By 9-8 naam LDODK wer in lytse foarsprong, dy't fêsthâlden waard oant it skoft: 11-9 wie de rêststân.

Yn de twadde helte diene de Gordyksters der in skepke boppe-op en bouden de foarsprong út nei 16-11 en 20-16. Dy foarsprong waard dêrnei net mear út hannen jûn, sadat de wedstriid yn in 22-20 winst foar LDODK einige.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK De Gordyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)