Kuorballers SCO winne haadklassetopper fan Tempo

Kuorballers fan SCO © PEEM Media
De kuorballers fan SCO fan Aldeholtpea ha sneontemiddei de haadklassetopper wûn fan Tempo út Alphen aan den Rijn. De thúswedstriid einige yn 28-23. SCO begûn izersterk en naam al gau in 9-2 foarsprong. Tempo kaam dêrnei goed werom oant 14-7 en 15-13. SCO joech de foarsprong lykwols net mear út hannen en spile de wedstriid kontrolearre út: 28-23.
SCO is troch de oerwinning no allinnich koprinner yn de haadklasse A.