Fytser ferwûne nei oanriding yn Wynjewâld

In fytser rekke ferwûne nei in oanriding oan de Compagnonsfeart by Wynjewâld © Srfotografie
Op de Compagnonsfeart yn Wynjewâld is sneontemiddei in fytser ferwûne rekke. In automobilist ried de oprit fan in wenning ôf en seach de fytser oer de holle. In botsing wie it gefolch. De fytser hie ferskate ferwûningen en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Der wie ek in traumahelikopter oproppen, mar dy hoegde fierder net yn aksje te kommen.