Trije Amsterdammers pakt foar fernielings fearboaten Skylge

23 sep 2017 - 15:16

De plysje fan Skylge hat trije manlju oanholden dy't freedtenacht de rêdingsmiddelen op trije fearboaten fan Doeksen fernield ha. It giet om Amsterdammers fan 22, 34 en 43 jier âld. De plysje seit dat se behoarlik dronken wienen en dat se net de bedoeling hienen om de boel stikken te meitsjen.

Neffens rederij Doeksen rint de skea yn de 10-tûzenen euro's. De rêdingsmiddelen moatte werom nei it fabryk foardat se wer ynsetten wurde kinne. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)