Fandalen ferniele trije fearboaten op Skylge

23 sep 2017 - 11:42

Op Skylge binne sneontemoarn betiid trije fearboaten fernield. Under oare de rêdingsflotten binne loslutsen, de needljedders binne útrôle, en de trossen yn it wetter smiten. Benammen it loslûken fan de rêdingsflotten is neffens de plysje in slim fergryp, omdat dy hearre by de feilichheidsfoarsjennings fan it skip. De plysje hat kamerabylden, en is dwaande mei buertûndersyk.

Neffens de plysje dronken de dieders bier fan in merk dat se net alle dagen tsjinkomme: Lebowski.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)