120 oeren wurkstraf en rydûntsizzing nei rûge rit

22 sep 2017 - 18:48

In 47-jarige Drachtster kriget 120 oeren wurkstraf en in rydûntsizzing fan sechstjin moannen wêrfan tolve ûnder betingst foar in woeste autorit oer Fryske diken. Hy ried op 22 april fan Drachten fia Steenwyk nei Súdwest-Fryslân. Hjirby ried der mei hege snelheden oer flechtstreken en fytspaden, ried dêr tsjin it ferkear yn en naam rotonden oan de ferkearde kant, wylst de plysje him efternei siet. 

"Bezopen rit"

De rit duorre sa'n oardel oere: by Hylpen botste de Drachtster op in plysje-auto dy't de wei blokkearre. De rjochter spruts fan 'een volkomen bezopen rit'. Neffens de offisier fan justysje wie it in wûnder dat er gjin deaden fallen binne. 

Inkelbân trochknipt

De man wie ûnder betingst op frije fuotten, mar op 22 april knipte er syn inkelbân troch. Hy wie troch persoanlike omstannichheden swier oerspannen rekke: sa hie der krekt te hearren krigen dat syn dochter GHB brûk hie. Yntusken kriget er help en besiket er syn libben op 'e rit te krijen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)