Drachtster húsdokter betinkt 'selsmoardspul'

De Drachtster húsdokter Wil Witting hat in kaartspul betocht om selsmoard besprekber te meitsjen. 'Het Zelfmoordspel' makket it hiel maklik om op in boartlike wize selsmoard ûnder de oandacht te bringen. It kin sels helpe om foar te kommen dat minsken harsels tekoart dogge, seit Witting. "Zelfmoord is een onderwerp dat we het liefst vermijden. Maar als het ons gebeurt, als iemand in onze omgeving zelfmoord pleegt, dan zeggen we als nabestaanden vaak achteraf: 'Hadden we er maar meer over gepraat.' Met zo'n spel maak je het spelenderwijs heel normaal om erover te praten", seit Witting.
Spulregels
'Het Zelfmoordspel' is in kaartspul wêrby ast winst as it dy slagget om selsmoard te plegen. Dyn tsjinstanners sette alles op alles om dy tsjin te hâlden. Sy binne tagelyk sels ek oan it besykjen in ein oan har eigen libben te meitsjen. As spiler kinst oan dyn eigen selsmoard wurkje, mar ek oaren helpe foar te kommen dat se dêryn slagje. It spul bestiet út 110 kaarten, ferdield yn karakterkaarten, selsmoardwapenkaarten, stimmingskaarten, previnsjekaarten, obstruksjekaarten en helpferlieningskaarten.
Libbens rêde
It praten oer selsmoard kin libbens rêde, tinkt Witting. Yn Nederlân hawwe ferline jier 1.900 minsken in ein oan har libben makke, en noch mear minsken hawwe it besocht. It is in groeiend probleem. Oandacht foar selsmoardproblematyk soe in bydrage leverje kinne oan it werombringen fan it tal gefallen fan selsmoard. Will Witting ûntwikkele it spul by syn oplieding kaderhúsarts GGZ.
Skoallen
Witting hat it spul ûntwikkele, striptekener Henk Akker út Wynjewâld hat de tekeningen makke. Het Zelfmoordspel is fia ynternet te bestellen op de webside zelfmoordspel.nl. It kin thús spile wurde, mar it spul wurdt ek besteld troch middelbere skoallen, omdat it in tige handige learfoarm is, seit Witting. It spul is ek oerset yn it Ingelsk en it Dútsk.