Omrop TIP: Theo Jellema, ambassadeur foar it oargel

Oargelist Theo Jellema © René Koster
It magistrale tsjerke-oargel wer populêr meitsje, benammen ûnder jongeren, dat sjocht oargelist Theo Jellema as syn grutste útdaging. Takom wike wurdt Jellema, op inisjatyf fan de histoaryske feriening Aed Levwerd, offisjeel troch wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert beneamd ta stedsoargelist.
De ferneamde oargelist is net fan plan om ekstra konserten te dwaan, want "dat is mear fan itselde". Mar jonge minsken mei belangstelling foar muzyk efter it oargel krije, dat is syn doel. Yn Buro de Vries in petear mei Theo Jellema yn 'syn' tsjerke, achter 'syn' oargel.
It folsleine ynterview mei Theo Jellema wurdt snein 24 septimber útstjoerd tusken 11.00 oant 13.00 oere yn it radioprogramma Buro de Vries. Sneintejûns is it programma nochris te beharkjen om 21.00 oere.