Nije fabryk Dijkstra Draisma iepene yn Dokkum

Yn Dokkum is freed it nije produksjefabryk fan boubedriuw Dijkstra Draisma offisjeel iepene troch de kommissaris fan de kening Arno Brok. Op it fabryk wurde yn searje en op hast folslein automatyske wize hûzen en parten fan hûzen, skoallen of kantoaren boud.
De eleminten fan de hûzen dy't út it fabryk komme, hoege op it bouplak allinnich noch mar ynelkoar set te wurden. Badkeamers, wc's, radiatoaren, keukens en liedingen sitte der allegearre al yn. Dijkstra Draisma wurket gear mei in oar bedriuw foar de levering fan de betonnen flierren en plafonds.
Enerzjyneutraal
De hûzen binne allegearre bedoeld om enerzjyneutraal te draaien mei help fan bygelyks sinnepanielen, ierdwaarmte, waarmtenetten en/of waarmtepompen. Se kinne noch wol op it gas oansletten wurde. Mar dat is eins net de bedoeling.
Neffens direkteur Biense Dijkstra is dizze fabryksmjittige wize fan bouwen nedich om te foldwaan oan de eask út it enerzjyakkoart dat alle hûzen en gebouwen yn 2050 enerzjyneutraal of enerzjyprodusearjend wêze moatte en net mear oansletten op it gas.
De bouwize is net allinnich geskikt foar hûzen. Ek skoallen en kantoaren en oarsoartige gebouwen kinne hielendal of diels op it fabryk makke wurde.
It fabryk ferget in miljoene-ynvestearring. Mar hoe grut dy krekt is, wurdt net bekend makke.